Bart Helmholt wer de bêste

22 aug 2006 - 14:41

Fierljepper Bart Helmholt út Hurdegaryp wie moandeitejûn mei in sprong fan 19.17 meter de bêste op de skâns yn Grypstsjerk. By de junioren gie de winst nei Hannes Scherjon fan Noardburgum mei 18.46 meter.

By de jonges wie der winst foar Nard Brandsma fan It Heidenskip mei 17.58 meter. Hy bleaun mar 9 sentimeter ûnder it Fryske rekord. By de froulju gie de winst nei Gerbrig van de Velde út Rotsterhaule mei 12.84 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)