Brêge Feankleaster hersteld

© Omrop Fryslân
De brêge yn de dyk tusken Feankleaster en Aldwâld wurdt yn âlde steat hersteld. De plannen binne ûnderdiel fan it herstel fan de eardere ferbiningsroute tusken de Fogelsanghloane yn Feankleaster en Nijenhof yn Aldwâld. It kolleezje fan de gemeente Kollumerlân hat besletten dat it der 90.000 euro foar oer hat.
Kollumerlân is ek noch dwaande mei plannen om de âlde strjitwei tusken Boerum en Visliet te herstellen.