Reklamedoek Jorwert stellen

© Omrop Fryslân
It reklamedoek fan it Iepenloftspul fan Jorwert oan it begjin fan de Weidumerdyk is ôfrûne wykein ferdwûn. It is ien fan de tsien doeken dy't op ferskate plakken yn Fryslân delsetten binne om reklame te meitsjen foar it iepenloftspul fan Jorwert dat fan 1 septimber ôf spile wurdt.
Nea earder waard in doek fuorthelle. De organisaasje fan it iepenloftspul tinkt dat de ôfbylding mei in heal bleate man derop rôversguod is.