Cartesius Ynstitút hast iepen

© Omrop Fryslân
It nije Cartesius Ynstitút yn Ljouwert wurdt nije wike tongersdei offisjeel iepene. It ynstitút is in gearwurking fan de TU Delft, de TU Eindhoven en de Universiteit Twente.
In groep fan sa'n 30 wittenskippers sil by it Cartesius Ynstitút ûndersyk dwaan nei ynnovaasjes op it mêd fan ûnder oaren miljeu, rekreaasje en soarch. Sa sil der ûndersyk komme om hiel Fryslân te foarsjen fan biomassa- enerzjy.