Les yn duorsumens op skoalle

19 mrt 2012 - 12:23

Bern fan basisskoalle De Lege Geaën yn Sibrandabuorren krije les yn duorsumens. De hiele wike stean de lessen yn dat ramt. Sa kin bygelyks in usb-stick ek fan hout of in pinne fan setmoal makke wurde. De bern krije tips oer hoe't se sels goed mei it miljeu omgean kinne.

Letter fan 'e wike meitsje de bern etwys fan de beklaaiïng fan in âlde bank. Sa leare se hoe't se guod op 'e nij brûke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)