Starteilân te wiet foar Tryater

21 aug 2006 - 10:32

De foarstelling Grutte Stoarm fan Tryater, dy't op it Starteilân yn de Snitsermar hâlden wurde soe, is ferpleatst. Omdat de boaiem op it Starteilân te wiet is en omdat it materiaal te swier is, kinne de foarstellingen dêr net trochgean.

Se wurde ferpleatst nei de fêste wâl, op it parkearterrein by it Paviljoen. It stik fan Tryater wurdt opfierd yn it ramt fan de feestlikheden om 550 jier Snitser stedsrjochten hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)