Pealsitters meitsje 55 oeren fol
Alle seis de pealsitters yn Kollum ha de einstreek helle. Mei inoar ha de fiif manlju en ien frou 55 oeren efter inoar op de peallen sitten yn it sintrum fan it doarp. Troch it needwaar fan sneontejûn hat de organisaasjes de wedstryd om njoggen oere ôflast. De dielnimmers meitsje it goed.
It prizejild is de ôfrûne dagen oprûn nei goed 1.200 euro. De seis ha ôfpraat dat te dielen.