Hamburger twadde yn Eton

© Omrop Fryslân
Skiffeur Sjoerd Hamburger is op it wrâldkampioenskip roeien yn Eton yn de searjes as twadde einige. Op in boatlingte efterstân fan de Olympysk kampioen Olaf Tufte út Noarwegen, kaam Hamburger oer de einstreek.
Troch dit resultaat hat de Aldeberkeapster him pleatst foar de twadde kâns op tiisdei. Tufte pleatste him rjochtstreeks foar de heale finale op tongersdei.