Kontenerbrân oerslein nei hûs

19 mrt 2012 - 12:04

De plysje siket tsjûgen fan in brân fan 'e moarn betiid yn Kollumersweach. Om fiif oere hinne is oan de Bjirkenhof in kontener yn 'e brân stutsen. Dy stie ticht tsjin in hûs oan en dêrtroch skoech it fjoer al gau oer nei de wente. De 24-jierrige bewenner en syn freondinne leine op dat stuit te sliepen. Se koene op tiid it hûs útkomme en hawwe de brân mei in túnslang útmakke.

De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)