Dochs wer winkel yn Ie
Seis wiken nei it sluten fan de lêste supermerk yn Ie, krijt it doarp wer in winkel. Dy komt yn it hjoeddeistige pompstasjon oan de Uniastrjitte. Njonken in lytse supermerk komt der ek in postkantoar.
De komst fan de nije winkel is goed nijs foar Doarpsbelang, dat him soargen makke oer it foarsjenningsnivo yn it doarp.