'Eksportferbod is te strang'

20 aug 2006 - 12:27

It eksportferbod foar libbene runderen, skiep en geiten hoecht foar it Noarden net lang te duorjen. Dat fynt foarsitter Thijssen fan it Nederlânsk bûn fan feehannelers.

Minister Veerman hat it eksportferbod ôfkundige fanwege de útbraak fan blautonge yn Súd-Limburch. Ut it hiele lân mei gjin libben fee mear nei it bûtenlân útfierd wurde. Thijssen fynt dat te strang. Yn België en Dútslân binne noch gjin maatregels naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)