Modelbaanklub bestiet 25 jier

© Omrop Fryslân
De Fryske Modelbaanklub fiert dit wykein har 25-jierrich bestean. Dêrom is dit wykein foar it earst in nije baan te sjen. It giet om de Dútske stêd Wilhemshaven en it stasjon, mei alle details op skaal neiboud.
De baan waard ûntbleate troch kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels, dy't sels ek treineleafhawwer is. Der is trije jier wurke oan de útwreiding. Yn septimber hat de 90 leden tellende klub noch iepen dagen.