'Jager moat administraasje ha'

© Omrop Fryslân
Jagers moatte ferplichte wurde om in goede administraasje by te hâlden. Allinnich sa kin dúdlik wurde hoefolle katten at se op jierbasis deasjitte. Dat wol de bistebeskerming.
De jagers sizze dat se alle jierren 5000 wylde katten deasjitte. Neffens de bistebeskerming binne dat der folle mear. Der soene ek húskatten bysitte, en dat is ferbean. De bistebeskerming is skokt dat in jager út Holwert yn Blije alve húskatten deasjitten hat.