Tony Brundel IFKS-kampioen

© Omrop Fryslân
Tony Brundel is IFKS-kampioen 2006. Mei syn skûtsje Lytse Lies wûn Brundel freed mei grutte oermacht de wedstriid yn 'e Lemster Baai. Brundel fan De Gaastmer kin net mear ynhelle wurde troch de konkurrinsje.
Delmer Los waard twadde op 'e Lemmer. Los hise yn it begjin fan 'e wedstriid noch de reade protestflagge tsjin Tony Brundel, mar luts dy letter wer yn. It is foar Brundel de tredde kear dat hy IFKS-kampioen wurdt.