Oerfal yn Drachten

19 aug 2006 - 14:08

De plysje ûndersiket in oerfal yn Drachten. In 56-jierrige Drachtster hie de plysje dêroer belle. In ûnbekende man wie syn hûs oan de Kievitsstrjitte binnenkaam en woe him bestelle.

Der ûntstie in fjochtpartij, wêrby't de Drachtster ferwûne rekke oan it gesicht. Doe't de plysje kaam, wie de oerfaller al útnaaid. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht, mar koe nei behanneling wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)