Eksportferbod fee om blautonge

19 aug 2006 - 11:16

It ministearje fan lânbou hat tongersdei in folslein eksportferbod foar kij en skiep ynsteld. Dat is dien omdat by in skieppebedriuw yn Kerkrade tongersdei de sykte blautonge fêststeld is. It is foar it earst dat dizze krupsje yn Nederlân opdûkt.

It firus wurdt oerbrocht troch stekkende miggen of neefkes dy't ornaris allinnich yn waarmere lannen foarkomme. Hoe lang it eksportferbod krekt duorje sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)