Feenstra fleis Dokkum fallyt

© Omrop Fryslân
De Feenstra Vlees Groep yn Dokkum is fallyt. De 15 man personiel stean op strjitte. It gie de ôfrûne jierren al net goed mei it famyljebedriuw. De Feenstra Vlees Groep bestiet sûnt 1932. Mids jierren '90 gie it de slachter foar de wyn.
De ôfrûne jierren koe it bedriuw de konkurrinsje net mear oan en rûnen de skulden op oant in 200.000 euro. De meiwurkers ha oer july noch salaris krigen, mar it jild is no op.