Eksportferbod probleem boeren

© Omrop Fryslân
At it eksportferbod foar skiep moannen duorret dan hawwe de skieppehâlders in grut probleem, seit skieppehâlder Rein Boersma fan Skettens.
In grut part fan de lamkes dy 't de ôfrûne moannen berne binne, giet fuort foar de eksport. Dat moat de kommende moannen syn beslach krije. As dat net mear mooglik is, betsjut dat foar de boeren in grut probleem. Minister Veerman sei freed dat de maatregels mooglik moannen fan krêft bliuwe.