Pealsitters Kollum sitte noch

18 aug 2006 - 16:15

De pealsitters yn Kollum binne de earste nacht goed trochkaam. Alle fiif mannen en ien frou sitte noch. Oant trije oere nachts wie it aardich drok yn it doarp, dêrnei waard it rêstich. De pealsitters hawwe in ridlik droege nacht hân mei moarns in pear buien.

De pealsitwedstryd is organisearre troch APK, it Aktiviteiten Platform Kollum om wat mear gesellichheid te krijen. De lêste pealsitwedstryd yn it doarp wie yn 1981.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)