Nije direkteur Rabobank

18 aug 2006 - 11:58

De Rabobank De Lauwers krijt in nije algemien direkteur. Bert de Jong sil de funksje oernimme fan ynterim- direkteur Barend Jan Verstegen. De nije direkteur moat saken op oarder stelle nei in mislearre fúzje tusken Rabobank de Lauwers mei de Rabobank Noardeast Fryslân. Dêroer ûntstie earder dit jier in fertrouwenskwesje.

Ried fan bestjoer en direksje hiene ferskillende ideeën oer de fúzje. It fúzjeproses is op in sêft sin set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)