Seis jier easke foar ferkrêfting

© Omrop Fryslân
De offisier fan justysje hat tongersdei 6 jier selstraf mei tbs easke tsjin in man(26) út Westergeast foar it ferkrêftsjen fan in famke fan 13 út Aldwâld. De man soe it famke begjin dit jier yn it bosk fan har hynder lutsen ha om har te misbrûken.
De man moast him ek ferantwurdzje foar it oantaasten fan in fiif-jierrich famke út Deventer. Fierder soe de man ek besocht ha om in 11-jierrich famke út Kollum tsjin har sin mei te nimmen.