Nije gaslieding troch Fryslân

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken wurdt de grûn klearmakke foar de oanlis fan in 80 kilometer lange gaslieding dwers troch Fryslân. De gaslieding fan ien meter tweintich yn trochsneed rint fan Grypstsjerk yn Grinslân nei Warkum.
De lieding wurdt oanlein omdat de fraach nei gas hieltiten grutter wurdt. De nije lieding slút oan op in grut netwurk dat rint fan Ruslân oant Ingelân. Neffens de Gasunie ûntstiet der gjin skea troch de nije lieding.