"Rêchstreekpodde beskermje"

17 aug 2006 - 12:24

De seldsume rêchstreekpodde is nei alle gedachten noch folle seldsumer op it Fryske fêstelân as earder tocht. De measten sitte op de Waadeilannen.

De ferwachting wie dat der ek guon op it fêstelân sitte soene, mar dat liket net sa te wêzen. In oprop oan minsken om har te melden at se it lûd fan it bist heard hiene, hat neat opsmiten. In wurkgroep dy't him mei podden dwaande hâldt, fynt ekstra beskerming nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)