'Gjin gefaar ramp by Atoglas'

17 aug 2006 - 09:01

Omwenners fan it gemysk fabryk Atoglas yn Ljouwert hoege har gjin soargen te meitsjen oer in grutte ramp, as gefolch fan wurksumheden op it terrein neist it fabryk. Dat sizze de gemeente Ljouwert en it bedriuw Atoglas sels.

Omwenners binne benaud dat de opslach- tanks fan Atoglas iepenskuorre kinne troch de trillingen fan it heien foar de bou fan in appartemintekompleks. Der wurde no trillingsmeters pleatst. As der gefaar driget, hâldt it heien op

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)