Mobyl stimme yn Hearrenfean

© Omrop Fryslân
B&W fan It Hearrenfean wolle by de kommende ferkiezings mobile stimburo's ynfiere. Boargers meie dan sels witte wêr't se harren stim útbringe.
Smellingerlân en Ljouwert hiene by de gemeenteriedsferkiezings yn maart al mobile stimburo's. De eardere minister Pechtold fan bestjoerlike fernijing fierde it mobyl stimmen yn ferline jier yn. Dat eksperimint foldie sa goed dat de mobile stimburo's lanlik ynfierd wurde.