Fisken deagien nei soad rein

16 aug 2006 - 12:21

Yn Drachten binne de ôfrûne dagen inkelde hûnderten fisken deagien. Dat wie yn in fiver by de wettertoer. De pleatslike angelsportferiening hat it ôfrûne wykein noch besocht de fisken te rêden. Foar in part is dat ek slagge. De oerbleaune deade fisk is moandei oprêden.

De oarsaak fan de fiskstjerte is in rioeloerstoart. It rioelwetter kaam yn it oerflaktewetter telâne omdat der in hiel soad rein foel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)