Heien by Atoglas faaks gefaarlik

16 aug 2006 - 12:09

Bewenners fan de wyk Achter de Hoven/ Vegelin yn Ljouwert meitsje har soargen oer de gefolgen fan heiwurk ticht by it gemyske fabryk Atoglas. Takom wike wurde de earste peallen slein foar in appartemintekompleks dêr. De bewenners binne benaud dat de opslachtanks fan Atoglas stikken gean kinne troch de heiwurksumheden.

Yn de tanks sitte gemyske stoffen dy't Atoglas brûkt by it meitsjen fan pleksiglês.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)