Wachtromte MCL nachts op slot

16 aug 2006 - 11:29

De wachtromte fan 'e EHBO fan sikehûs MCL yn Ljouwert giet tenei fan jûns njoggen oant moarns sân oere op slot. De ôfdieling is net mear foar elkenien samar tagonklik. It sikehûs nimt dy maatregel mei it each op de feiligens. Sa wurdt in barriêre kreeare foar minsken dy't der neat fanneden hawwe.

Der kinne wol besikers yn, mar dy moatte dan by in post del, dêr't 24 oeren deis ien sit om de boel yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)