Jong Oranje-Dútslân: gelykspul

16 aug 2006 - 11:17

It Jong Oranje fan bûnscoach Foppe de Haan hat yn in oefenwedstriid mei 2-2 gelyk spile tsjin Jong Dútslân. Jeroen Drost fan SC Hearrenfean begûn yn de basis, Gianni Zuiverloon (ek fan Hearrefean) spile de twadde helte, Henrico Drost de lêste 20 minuten.

Jeroen Drost helle de ein fan de wedstriid net. Hy makke yn de lêste minút hands, krige in reade kaart en feroarsake dêrmei in strafskop. Ut de strafskop skoarde Dútslân de lykmakker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)