Vrijwilligerssteunpunt ferhuzet

16 aug 2006 - 10:32

It Vrijwilligerssteunpunt yn Ljouwert ferhuzet woansdei nei in gruttere lokaasje oan de Nieuweburen. De nije lokaasje is in stik rommer. Dêrtroch kin der effisjinter wurke wurde. Ek is der plak foar in persoanlik gesprek mei nije frijwilligers. De gemeente Ljouwert hat subsydzje jûn foar de ferhuzing.

It stipepunt siet earst achter it stasjon. De nije lokaasje is neist iissalon La Venezia.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)