Tom Tom-dief socht

16 aug 2006 - 06:08

De plysje docht ûndersyk nei grutskalige stellerij fan navigaasjeapparatuer út auto's. Sûnt maart binne der njoggentich oanjeftes fan ynbraak dien, dêr't de apparatuer sichtber foar it rút hinget.

De plysje fertinkt in noch ûnbekinde man fan in jier as 25 dy't op 'e fyts by de auto's delgiet. Mei in hammer slacht er in autorút yn en grypt de apparatuer. De man is 1.90 meter lang, mânsk en hat koart ljocht hier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)