Brân troch stikkene waskdroeger

© Omrop Fryslân
In brân yn in wenning oan De Warren yn Drachten hat moandeitenacht foar in soad reek- en wetterskea soargje. Troch noch ûnbekende oarsaak wie der brân ûntstien yn in wasdroeger.
De bewenner fan it hûs hat de brân mei twa brânblussers útmeitsje kinnen. Omdat de wente njonken in restaurant stiet, wie de brânwacht gau teplak. Dy hat mei spesjale apparatuer de reek út it hûs blaasd.