Remise foar dammer Leijenaar

15 aug 2006 - 18:18

Dammer Klaas-Hendrik Leijenaar út Ljouwert hat op it WK damjen yn de fiifde ronde remise spile tsjin Maikel Palmans. Dêrtroch bliuwt Leijenaar op in dielt twadde plak stean yn it klassemint.

Palmans giet tegearre mei Pim Meurs oan de lieding mei 8 punten. Leijenaar, Ihar Mikhalchenka (Rus), Andrei Tolchykau (W-Ru) en de Nederlander Daniel Merkus steane dêr ien punt achter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)