Boeren wolle miggen bestride

15 aug 2006 - 10:18

Boeren fan it Molkfeehâldersfakbûn stappe nei de rjochter om har fee behoedzje te kinnen foar miggen. Se wolle op koarte termyn in ein oan it ferbod op de ferdelchingsmiddelen tsjin ynsekten.

Middels dy 't oer de kij útjitten wurde, meie troch Europeeske regeljouwing net mear brûkt wurde. Yn oare lannen jildt in oergongsregeling. Nederlân hat dat net oanfrege, sadat de middels hjir no ferbean binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)