Omrin wol mear ôffal ferwurkje

15 aug 2006 - 09:41

Offalferwurker Omrin wol by it stoart De Wierde by Aldehaske mear romte ha om ôffal te ferwurkjen. It bedriuw freget de gemeente Skarsterlân dêrom om in wiziging yn it bestimmingsplan.

Omrin hie der yn it ferline al rekken mei hâlden dat der op termyn mear ferlet fan romte wêze soe om ôffal te stoarten. Der lei dan ek al in ôfspraak dat it bedriuw dêr yn dat gefal tsien bunder romte op it eigen terrein foar brûke mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)