Tydlike kantoaren pleatst

© Omrop Fryslân
Oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert wurde fan moandei ôf needkantoaren pleatst foar de 880 wurknimmers fan de provinsje. Dy moatte dêr ein dit jier in plakje krije as it provinsjehûs oan de Twibaksmerk ferboud wurdt.
It nije provinsjehûs moat oer trije jier klear wêze. Sa lang wurkje de amtners yn de needgebouwen en in part fan it âlde PTT-gebou oan de Snitsertrekwei. Op de tydlike lokaasje komme ek fleksibele wurkplakken.