Freeze giet digitaal fierder

© Omrop Fryslân
Frysk popblêd 'Freeze' giet fan septimber ôf fierder as 'Freezine', digitale nijsbrief fan it Frysk Popnet. Hjiryn sille artikels, ferslaggen, reviews en previews oer de Fryske popmuzyk te lêzen wêze.
Belangstellenden kinne har op www.friespopnet.nl fergees opjaan foar dit 'e-zine'. It blêd Freeze hat goed tsien jier bestien. Koartlyn kaam de lêste útjefte út. Der wie gjin jild mear om it blêd te meitsjen.