Man bestellen nei stappen

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige man út Ousternijegea is sneontenacht troch twa manlju bestellen. De man hie de twa troffen by in stapjûntsje op It Fean. De trije giene op in gegeven stuit nei Grins.
Underweis waard it slachtoffer bestellen fan syn mobile tillefoan, syn beurs en pinpas. Ek moast er fertelle wat syn pinkoade wie. Dêrnei waard er út de auto set. De man is lichtferwûne troch de greiden nei Nijbeets rûn, dêr't er fûn waard.