Wer cranberry's plukke op Flylân

© Omrop Fryslân
Toeristen krije dit jier wat mear kâns om cranberry's te plukken op Flylân. Ferline jier wie it plukken fan de beien foar it earst beheind. Der mocht pas nei 17 septimber plukt wurde, mar dy datum wurdt dit jier loslitten.
Sa wurdt de perioade foar it plukken wat ferlingd. Der jildt noch wol in ferbod foar it brûken fan de saneamde cranberrykaam. Sa moat foarkaam wurde dat de cranberry's plukt wurde foar kommersjele ferwurking op Skylge.