Yllegaal wapenbesit yn Heech

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige ynwenner fan Wymbritseradiel is sneontemoarn by it Eilân by Heech oanhâlden fanwege yllegaal wapenbesit. De plysje hie in oprop krigen om't der sprake wêze soe fan bedriging.
De fertochte rûn mei in bûslampe en hie in grut mes yn syn broeksbân. Dêrneist hie de man drank hân. Hy is meinommen nei it plysjeburo. De man is frijlitten nei't de plysje proses-ferbaal opmakke hie.