Sakeclub Cambuur net bliid

14 aug 2006 - 00:00

De sakeklub Cambuur fynt it in minne saak dat der dit jier gjin bylden fan de Ljouwerter klub by Omrop Fryslân te sjen binne. Gjin útstjoertiid betsjut minder reklame en dus minder ynkomsten foar de ûndernimmers.

Kommersjele stjoerder Talpa hat no de rjochten fan de bylden. Talpa hat spul mei regionale omroppen, dy't fine dat de stjoerder te folle freget foar it trochjaan fan de bylden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)