Joyrider oanhâlden troch plysje

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige Ljouwerter is sneintemoarn oanhâlden op De Himrik troch de plysje op fertinking fan joyriding, it riden sûnder rydbewiis en it riden yn in persoane-auto sûnder APK. De fertochte waard by in plysjesurveillânse kontrolearre.
De auto wie fan in famyljelid. De jonge is foar ferhear meinommen nei it plysjeburo en is ynsletten. Der is proses-ferbaal opmakke.