Pieter Brouwer huldige

© Omrop Fryslân
SKS-winner It Hearrenfean moast it freed by de priisútrikking dwaan sûnder de tradisjonele kampioenswimpel. Pieter Brouwer en syn bemanning krigen yn in grôtfolle tinte op it Snitser Starteilân wol it sulveren skûtsje útrikt. Op de wimpel moasten se lywols noch even wachtsje, want dy wie fergetten.
By de huldiging sneon op It Hearrenfean hie it skûtsje lang om let dochs de wimpel yn de top.