Klacht oer Frjentsjerteradiel

© Omrop Fryslân
Aksjegroep 'Palen Weg' út Frjentsjer hat in klacht yntsjinne tsjin de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel by de Nationale Ombudsman. De aksjegroep striidt tsjin de peallen dy't op de Breedeplaats pleatst binne om in eveneminten-tinte op te setten.
Yn febrewaris ha seis organisaasjes 2200 hantekens yntsjinne by de ried, mei it fersyk om de peallen fuort te heljen. Dêr is neat mei dien. De groep sprekt fan ûnbehoarlik bestjoer.