Linda Terpstra keninginne

© Omrop Fryslân
Linda Terpstra is freed ta keninginne útroppen op de útnoegings keatspartij foar froulju yn Menaam. Sy wûn de partij mei Bianca van der Veen en Aukje van Kuiken. Yn de finale wie dizze formaasje mei 5-1 en 6-6 fiersten te sterk foar Maaike Joostema, Tineke Algra en Idske Zijlstra.
De tredde priis yn Menaam wie foar it trio Klaske de Jong, Deborah Oosterman en Maaike Wind.