Foppe kiest twa Feansters

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean-spilers Jeroen Drost en Gianni Zuiveloon binne selektearre foar Jong Oranje. Bûnscoach Foppe de Haan hat de twa oproppen foar de oefenynterlân op 15 augustus yn en tsjin Dútslân.
De oefenynterlân jildt as foarbeskôging op it Europeesk Kampioenskip. De 19-jierrige Zuiverloon spilet dit seizoen foar it earst foar Hearrenfean. Hy en Drost ha alris earder spile yn Jong Oranje.