Tinte by Dokk'em Open Air

© Omrop Fryslân
It muzykfestival Dokk'em Open Air driget yn it reinwetter te fallen. De organisaasje fant it metalfeest fan sneon hat dêrom in tinte opset foar it publyk. Foar it earst is der ek in pindeltsjinst om besikers nei en fan it festivalterrein yn Boarnwert te bringen.
It festival hat ek noch te lijen fan de maatregels op Ingelske fleanfjilden. Nei de oanslach-drigings dêr, ha bands te krijen mei fertraging.