Plysje pakt autobestjoerder op

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed in 20-jierrige jonge fan De Rottefalle oanholden. Hy wie mei syn auto yn 'e sleat rekke. Omdat de plysje net ien oantrof yn de auto, waarden de brânwacht en de ambulânse warskôge. De sleat is neisocht op mooglike slachtoffers, mar der waard net ien fûn.
De bestjoerder wie nei hûs rûn. Dêr is er oppakt. De jonge hie gjin jildich rydbewiis en syn auto wie net fersekere en ek net APK-keurd.