Monumintaal ite yn Frjentsjer

11 aug 2006 - 15:23

De iepen monumintedei op 8 septimber yn Frjentsjer wurdt dit jier iepene mei in grut feestmiel yn de tinte op de Breedeplaats. De organisaasje wol it leafst dat der hûnderten minsken meidogge, yn klean út de midsieuwen.

De monumintedei fan dit jier hat 'Feest' as tema. It is foar de tweintichste kear dat de dei organisearre wurdt. Minsken dy't meidwaan wolle mei it feestmiel, moatte 15 euro betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)