Man botst tsjin stek tsjerke

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige autobestjoerder út Wolvegea hat tongersdeitejûn it stek fan in tsjerke oan de Pietersleane yn syn wenplak fernield.
De man rekke de kontrôle oer it stjoer kwyt neidat hy de auto yn in ferkearde fersnelling setten hie. Dêrtroch koe hy net mear foarkomme dat er tsjin it stek fan 'e tsjerke opbotste. Nei kontrôle die bliken dat de man gjin rydbewiis hie. Der is proses-ferbaal opmakke.